Kompetysje omloop 5
Dit is fansels prachtich, mar werom dogge se dit no op freed te jun, us freed te jun! Mar de opkomst wie genôch om twa perken te foljen, en mei it prachtige waar wie it hearlik om wer even tsjin de bal oan te slaan. Yn perk 1 keatsten Jan Watze en Halbe tsjin Jelmer en Martin. Dit soe in walkover wurde foar Jelmer en Martin want se stiene samar mei trije earsten foar, mar JW en Halbe hellen wer bij en komme sels op voorsprong 4–3 mar doe kaam Jelmer mei in prachtige opslach rige wêrtroch it 4-4 en 4-5 waard. Doe Martin bij beide keatsen de bal retoer nei it perk sloech wie it bart voor JW en Halbe Yn perk 2 keatsten Jesse Heida, Jouke Bonekamp en Jouke Wiersma tsjin Jurriaan Tolsma, Klaas vd Veen en Remmelt Fopma. It praten wie better as it keatsen. Jurriaan, Klaas en Remmelt wiene in maatsje te grut en hiene de partij samar ûnder kontrôle. De útslach Jan Watze en Halbe -> Jelmer en Martin 4-5/4-6 Jesse, Jouke B. en Jouke W. -> Klaas, Jurriaan en Remmelt 3-5/2-6
Geplaatst op 13 June 2015